Ferhaal Nationale Voorleeslunch ek wer yn it Frysk beskikber
Ek yn 2026 is der wer in Nationale Voorleeslunch op nasjonale âldereindei: dit jier op freed 2 oktober! Op dizze dei wurdt yn hiel Nederlân foarlêzen oan âlderein. Dogge jimme ek (wer) mei?
It ferhaal is spesjaal foar dizze dei skreaun troch Joke van Leeuwen en is ek wer beskikber yn it Frysk.
De Nationale Voorleeslunch, dy‘t dit jier foar de 14e kear wêze sil, lit sjen dat foarlêzen ek foar âlderein in noflike en ferbinende aktiviteit wêze kin. It foarlêzen fan in ferhaal jout ûntspanning en is faak in oanlieding om mei-inoar te praten of oantinkens op te heljen. De Voorleeslunch wurdt organisearre troch De Samenleesclub, yn gearwurking mei biblioteken en fersoargingshuzen.
Sûnt 2016 wurde de ferhalen fan de Voorleeslunch ek oanbean yn it Frysk, yn gearwurking mei de Afûk.
Freegje fergees it Fryske ferhaal oan!
De Fryske oersetting fan it ferhaal kinst fergees oanfreegje troch te mailen nei: friesindezorg@afuk.frl.

Op de foto: Ferline jier hat Nienke Stap it ferhaal yn it Bildsk foarlêzen yn soarchsintrum Het Bildt yn Sint Anna.