Brand

Sykje

Kontakt

Contact

Memmetaal is bepalend foar hoe’tst dy fielst en hoe’tst dy it bêste uterje kinst. (Memme)taal soarget foar ferbining en makket dat de minske him fertroud, thús en op syn gemak fielt. It kin soargje foar in grutter gefoel fan wolwêzen. Professionals yn ’e soarch kinne bewust de eigen taal ynsette, dat leveret foardiel op yn it kontakt mei minsken/pasjinten/kliïnten.

Bakje dwaan?

Wolsto graach mear mei it Frysk dwaan en bisto benijd nei de mooglikheden? Wy kinne dy dêr by helpe: persoanlik, profesjoneel en praktysk. Tineke Witteveen, projektkoördinator Frysk yn ‘e soarch, komt graach by dy del.

‘Frysk yn ‘e soarch’ is in projekt fan de Afûk. Hasto fragen, opmerkingen of suggestjes dan kinst kontakt opnimme mei ús projektkoördinator fia friesindezorg@afuk.frl of 058-2343070.

Wy sitte yn it Afûk-gebou oan de Boterhoek 3 skean tsjin de Aldehou oer yn Ljouwert. De fyts kinst oeral kwyt en ast mei de auto bist, kinst dy parkeare yn de parkeargraazje tsjinoer de Afûk.

Oant sjen!