Oer
Over
Memmetaal is bepalend foar hoe’tst dy fielst en hoe’tst dy it bêste uterje kinst. (Memme)taal soarget foar ferbining en makket dat de minske him fertroud, thús en op syn gemak fielt. It kin soargje foar in grutter gefoel fan wolwêzen.

Professionals yn ’e soarch kinne bewust de eigen taal ynsette, dat leveret foardiel op yn it kontakt mei minsken/pasjinten/kliïnten.
De Afûk biedt mei it projekt Frysk yn ’e soarch ynformaasje, foarljochting en advys oan soarch- en wolwêzensprofesjonals (yn oplieding) dy’t wurkje yn in meartalige regio.
Yn gearwurking mei soarchorganisaasjes wurdt wurke oan ynformaasjemateriaal yn de eigen taal en meartalige helpmiddels foar de soarch.