Brand

Sykje

Ûnderwiis Oan it wurd

Studzje Genêskunde oan 'e RUG

Hoe prate dokters mei pasjinten?

Geplaatst op 2 juli `26
3 minuten leestijd
Tineke Witteveen

Hoe prate dokters mei pasjinten?

Jurjen Noorlander studearret Genêskunde oan de RUG. Hy sit yn it earste jier fan syn oplieding en hat lêsten op oriïntaasjestaazje west yn it Frisius MC Ljouwert. Jurjen hat in Fryske mem en in Nederlânske heit. Sadwaande praat hy thús beide talen, Frysk en Nederlânsk.

Jurjen fertelt: ‘De fiertaal by de oplieding Genêskunde wie Ingelsk, mar is sûnt dit jier yn it Nederlânsk. Om’t de fokus op Nederlân leit wol de oplieding mear oanslute by studinten út ’e omkriten. Us boeken binne wol yn it Ingelsk as taal fan de wittenskip. Ik fyn it noflik dat de oplieding yn it Nederlânsk is, dat leit ek tichterby myn (takomstich) wurkfjild. En wat de terminology oanbelanget, dy is faak yn it Nederlânsk itselde as yn it Ingelsk, dus dat makket gjin ferskil.’

Bliken docht dat de measte dosinten Nederlânsk prate en dat der yn it earste jier net bewust op taal stjoerd wurdt. Dat seit neat oer de jierren dêrnei en oars is dat in moaie kâns.

Jurjen fertelt: ‘Wy hawwe net te krijen mei watfoar taal oftsto praatst, mar wol mei kompetinsjeûntwikkeling sa as “Hoe kin ik as dokter prate mei myn pasjinten?”. ‘Mei oare studinten praat ik gjin Frysk. By de studintesportferiening tref ik dan wol wer in protte Friezen. Dat hat miskien ek te krijen mei it type minske dat survival leuk fynt. Ik fiel my dêr wol thús’, seit Jurjen.

Mear Grinslanners

‘Lêsten lies ik in artikeltsje* yn de Ukrant oer “College in het Gronings? Streektaal is niet alleen voor thuis”. ‘Doe tocht ik al fan: “Ik kin Nederlânsk, Ingelsk en Frysk… wêrom soe ik Grinslanners leare moatte?”, seit Jurjen.

Yn Fryslân hast gjin wû-oplieding. Dêrfoar is Grins it tichtste by. Jurjen freget him dêrby ôf hoe grut de kâns is dat hy letter Frysk (of Grinslanners) praat. Hy follet oan: ‘Hoefolle fan de studinten Genêskunde yn Grins sille letter ek wier Grinslanners mei pasjinten prate? Hoefolle sin hat it dan om it oer it Grinslanners te hawwen? Nederlânsk kinst mei in hiel protte minsken prate en Ingelsk ek.’

Dêrneist is bewustwurding wol belangryk. Elke – yn Fryslân wurkjende soarchprofessional (dus ek de takomstige) – hat te krijen mei it Frysk. It Frysk ferstean kinne is tige handich, noch mear foardiel hast ast it ek ferstean kinst, docht bliken út de praktyk.

Oriëntaasjestaazje

Jurjen fertelt: ‘Ik ha lêsten twa wiken meirinne mochten op de ferpleechôfdieling “Hart- en vaatchirurgie” yn it Frisius MC Ljouwert. Se tochten goed nei oer wat foar my ynteressant is om te dwaan. Sa as “wondzorg” en “drains”. Ik ha der in protte fan leard en wat taal oanbelanget kinst en meist yn dyn memmetaal prate. Al is it ek belangryk dat je dêrmei gjin minsken bûtenslute. Dêrom altyd efkes freegje oft in pasjint it ferstean/folgje kin. Ik ha meirûn mei in Nederlânsk pratende ferpleger yn in hiel Fryske omjouwing. Hy koe it Frysk prima ferstean en dat makke dat in protte minsken prate kinne sa’t sy wolle.’