Brand

Sykje

Folwoeksenen Oan it wurd

Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten

Wy lizze in puzel foar in goeie diagnoaze

Geplaatst op 18 juni `26
4 minuten leestijd
Tineke Witteveen

Bennie Reitsma is longarts en praat mei syn hert én syn ferstân.

‘Faak kin ik oan de namme wol sjen oft in pasjint Frysk is of net en ha ’k twifel, dan freegje ik’, fertelt Bennie. ‘It leafst praat ik yn it Frysk, dat leit my it neist oan it hert, mar it kin ek prima yn it Nederlânsk. Mar krekt wat de pasjint noflik fynt. Ek yn ús systeem kinne wy in taalfoarkar oanjaan, dat is handich.’

Bennie Reitsma is al goed 12 jier longarts yn Nij Smellinghe. Bennie: ‘Der komme hjir in protte Friezen yn it sikehûs. Foar mysels is it noflik om yn myn memmetaal te praten en ik merk dat it Frysk in foardiel is foar de minsken dy’t by my komme. Dat ik hjir yn Nij Smellinghe al sa lang mei wille wurkje, hat ek te krijen mei de minsken. Ik bin in wâldpyk en hjir komme in soad Wâldfriezen. Dat binne minsken nei myn hert’.

Fan fuotbal nei dokter

Bennie begong syn karriêre yn it fuotbal: ‘Ik bin ea begûn by Cambuur en woe profesjoneel fuotballer wurde. Dat rûn oars en dêrnei bin ik begûn oan in stúdzje Fysiotherapy. In moaie link mei sport en sa krige ik hieltyd mear ynteresse foar de medyske wrâld. Nei Fysiotherapy folge ik in stúdzje Genêskunde en kaam as basisarts op ‘longsykten’ telâne by it MCL (no Frisius MC). Faak krige ik de fraach oft ik ek longarts wurde woe en bin ik yn oplieding gien. Earst ha ’k as longarts wurke yn Snits, Grins en Nij Smellinghe. Uteinlik ha ’k derfoar keazen om yn Nij Smellinghe te bliuwen, dêr fiel ik my thús’.

Dat gefoel en memmetaal hiel ticht byinoar lizze blykt ek út it skriuwen fan rapportaazjes. Bennie ljochtet dêroer ta: ‘Us ferslaggen type wy yn it Nederlânsk, mar om dan it goeie gefoel op papier te setten skriuw ik ek wolris Fryske wurden en sinnen tusken “skrapkes”. Dan wit ik presys wat bedoeld wurdt.’

‘Ik ha noch in Fryske kollega en de oare kollega’s fersteane it Frysk prima. Minsken freegje ek wol bewust om in Fryskpratende dokter, se fine it noflik dat se yn harren eigen taal mei ús prate kinne. Ik skat dat sa’n 80 prosint de fiertaal Frysk by ús op de poly’. By saken dy’t nei oan lizze, docht memmetaal der ek ta. Bennie seit: ‘By soks yntins as earnstige sykten, dan merk ik dat misken harren pas echt goed uterje kinne yn harren memmetaal. En ek it bringen fan min nijs is dúdliker as it yn dyn memmetaal brocht wurdt. Dat sit him yn ’e nuânses, bepaalde útdrukkingen en wurden’.

Jookje en dookje

Bennie: ‘Pasjinten komme by my fia de húsdokter, in opname hjir yn it sikehûs of fia de driuwende (spoedeisende) hulp. Somtiden komme minsken ien of twa kear by my, mar ik ha mei oare pasjinten jierrenlang yntinsyf kontakt om’t sy, bygelyks, in groanyske sykte hawwe. Dan boust in dokter-pasjint relaasje op. Ek dêryn is taal belangryk. Kinst mei memmetaal faak leechdrompeliger prate en sizze wy “jo” of “do”? Ek dat makket ferskil. Fernimst rap genôch hoe’tst prate kinst en moast. It bliuwt altyd wol belangryk om in profesjonele ôfstân te hawwen om’t ik de dokter bin en harren helpe wol’.

It hinget ôf fan wêr’t “de Fries” weikomt. Ik jou pasjinten altyd safolle mooglik de romte om it efterste fan ’e tonge sjen te litten. Taal helpt in protte, mar ek net alles is op te lossen mei de goeie taal. Somtiden hawwe sy in hiel kompleks probleem. Wy lizze altyd wer in puzel. Mei allegearre stikjes. Belangryk is dat de puzel ôf komt, sa kinne wy de pasjint it alderbêste helpe!