Brand

Sykje

Dat wie doe sa biedt boeken, films, temakoffers en mear foar Fryske aktiviteiten yn de âldereinsoarch. Fansels binne der mear aktiviteiten te betinken yn de eigen taal. Ta ynspiraasje ûndersteand seis tips:

  1. Foarlêze: foar jong en âld in prachtige leechdrompelige aktiviteit. Pak in boek út de kast mei Fryske ferhalen. Foar ynspiraasje en de moaiste Fryske boeken sjoch yn de websjop.
  2. Sjonge: elk kin se wol, Simmermoarn, Feintsje fan Menaam en de bundel Fryslân Sjongt. Pak de gitaar, fluit of de piano en sjonge mar.
  3. Gean nei it museum: âldheidskeamers, streekmusea en temamusea, oeral yn Fryslân binne prachtige plakken om it ferline wer te belibjen of nije yndrukken op te dwaan. Museum Dr888 en Museum Hert fan Fryslân yn Grou biede ek in spesjale rûnlieding foar minsken mei deminsje. Foar in folslein oersjoch fan alle musea yn Fryslân sjoch op de website fan museumfederaasje Fryslân.
  4. Muzyk foar âlderein: der binne ferskate selsskippen dy’t muzykprogramma’s biede foar âldereintehûzen.
  5. Toaniel fan Theater Veder rjochtet him op werkenbere foarstellings yn âldereintehûzen benammen foar minsken mei deminsje. De foarstellingen wurde jûn troch spilers mei in soad ûnderfining dy’t wurkje neffens de Veder methoade, kontakt meitsje troch reminisinsje yn te setten. Yn Fryslân spilet Theater Veder ek yn it Frysk.
  6. Ferhaleferteller: Fryslân kin in hiele lange ferhaletradysje. Yn it kulturele haadstêd jier 2018 waard dat nochris ûnderstreke troch it sukses fan de ferhalejûn yn it iepeningswykein. Yn Fryslân binne der ferskate profesjonele en minder profesjonele ferhalefertellers dy’t in moaie middei fersoargje kinne.