Brand

Sykje

Dat wie doe sa is ien fan de projekten fan de Afûk. Om’t de lokaasjes en de sitewaasjes dy’t yn byld brocht wurde hiel werkenber binne, is it materiaal ynteressant foar elkenien dy’t belangstelling foar it ferline hat: âlderen, bern, bernsbern, mar ek foar mantelsoargers of professionals út de soarch. De ferhalen oer eartiids binne faak de kaai nei oantinkens út âlde tiden. Sa wurde der wer nije ferhalen ta libben brocht.

It materiaal is werkenber, komt út de regio en is yn it Frysk. It is foar elkenien in moaie ûnderfining om oer it eigen libben te fertellen. Minsken wurde harren bewust fan de ûnderfiningen en prestaasjes út it ferline. Dat draacht by oan it selsbetrouwen en de eigenwearde. Hielendal yn dizze tiid, dêr’t safolle dingen digitaal en fluch geane dat in protte âlderen it gefoel hawwe as soene se net mear meitelle. En dat soks yn it Frysk is, is in pree. De measten fiele har mear fertroud as sy de eigen memmetaal prate kinne. Net allinne yn húslike sitewaasjes, mar ek yn sitewaasjes dat je ôfhinklik binne fan in oar. It materiaal slacht goed oan by âlderen, mar in spesifike doelgroep binne de minsken dy’t ferjitlik wurde. De no-tiid is foar harren lestich, mar de tiid fan doe is noch springlibben!