Brand

Sykje

Mei yngong fan 10 septimber 2021 is de Karavaan van de Vriendschap wer ‘on tour’. Nei yn 2020 alle stedswiken en doarpen fan de gemeente Ljouwert oandien te hawwen, wol Simon Vuyk, inisjatyfnimmer fan de Karavaan, fan no ôf de rest fan Fryslân op syn bakfyts in besite bringe. Hy fytst mei û.o. trûbadoer Bruno Rummler en de dûnseressen Colinda Zandberg en Annalies Muurling elke earste freed fan de moanne troch de provinsje. Underweis stiet freonskip sintraal. Spontane moetingen wurde ôfwiksele mei besites oan âldereinsintra, buerthuzen of lokaasjes mei bern, as antwurd op iensumheid yn de maatskippij. Ferhalen fan freonskip wurde fêstlein troch de Afûk en meinommen de wide wrâld yn. Spesjaal haakte Blomkes fan de Freonskip wurde trochjûn.

Ferslach fan etappe 1

Ferwert
Freed 10 septimber gie de earste etappe fan start mei in rariteite-optocht troch basisskoalbern, dy’t as in lange stoet oan de bewenners fan WoonZorgCentrum Foswert yn Ferwert foarbygiene.

Hegebeintum
Yn Hegebeintum wurdt de Karavaan opwachte troch in ôffurdiging fan Doarpsbelang. De meiwurkers fan it besikerssintrum hearre in persoanlik ferhaal ferteld troch Simon oer de freonskip mei syn heit yn de tsjerke fan Hegebeintum. Underweis stekt de Karavaan oan by in adres oan ’e dyk. De frou hat krekt har man ferlern en Simon en Bruno sjonge in lyts lietsje en litte in blomke fan freonskip achter.

Fia Ginnum, Reitsum en Lichtaard nei Raard
Jouke Douwe de Vries, wethâlder Soarch en Wolwêzen fan de gemeente Noardeast-Fryslân, sjongt twatalich (Biltsk en Staversk) mei Bruno Rummler it Freonskipsliet fan de Karavaan van de Vriendschap op de wize fan Happy Together fan The Turtles. Mar de wethâlder is hjir net allinne foar in liet, hy tekenet ek it Pakt fan de Freonskip út namme fan it kolleezje fan B&W fan de gemeente Noardeast-Fryslân.

Fierder op de fyts nei Dokkum
Om healwei fjouweren arrivearret de Karavaan van de Vriendschap oan de Vleesmarkt yn Dokkum.
Dêr leit it skûtsje klear dêr’t de optredens plakfine sille. Der wurde gedichten foardroegen oer freonskip, en der wurdt oer freonskip praat en songen. Nijsgjirrige Dokkumers bliuwe stean, harkje en dynje en sjonge mei. Einliks, nei in lange koroanatiid, wer mei syn allen. Mei syn allen de ferbining sykje!

De twadde etappe: de Karavaan van de Vriendschap fytst elke earste freed fan de moanne troch Fryslân
De twadde etappe start op 1 oktober yn De Westereen, gemeente Dantumadiel, en einiget yn de streek Trynwâlden, by Oentsjerk yn Tytsjerksteradiel.

Yn De Westereen sille bern fan de basisskoalle en meiwurkers fan Talant dwaande mei it oppimpen fan it doarpsplein: mei syn allen sille se de ôffalbakken yn hippe kleuren fervje.

Yn De Westereen en yn de Trynwâlden sil it Freonskipspakt troch in ôffurdiging fan de kolleezjes fan B&W fan Dantumadiel en Tytsjerksteradiel ûndertekene wurde.

De tredde etappe begjint yn Tytsjerksteradiel en giet op 5 novimber nei Achtkarspelen.