Troch hiel Nederlân steane yntusken al mear as tûzen bankjes dy’t romte biede foar in goed petear, ‘waarin je iemand écht ziet’. De plakettes op de bankjes binne ûnderdiel fan de kampanje ‘1K Z1E J3’ (ik zie je), fan 113 Zelfmoordpreventie.
Twatalige plakettes
Marieke Dijkstra en Lysbeth Jongbloed fan de Provinsje Fryslân soargen foar in twatalige fariant. Want ast yn in kwetsbere situaasje dyn memmetaal brûke kinst, fielst dy faak folle mear op dyn gemak en komst folle tichter by it gefoel.
‘Sit dy wat dwers? Praat der oer’ is in frije oersetting fan de Nederlânske tekst op ’e plakette (‘Een goed gesprek begint met iemand écht zien’), dy’t útnûgje moat ta in ynformeel petear tusken Friezen en tagelyk (it taboe op) selsdeading better besprekber meitsje moat.
89 bankjes yn gemeente Súdwest-Fryslân
Súdwest-Fryslân wie de earste gemeente dy’t de kampanje omearme en bankjes pleatste mei de twatalige plakettes. Yn totaal komme der 89 fan sokke bankjes yn dy gemeente. Jannewietske de Vries, boargemaster fan Súdwest-Fryslân, iepene yn septimber 2023 it earste bankje yn Drylts en sei dêroer yn har taspraak:
‘It is soms sa dreech om wurden te finen as it giet om selsdeading. Dy wurden fynst it maklikst yn dyn memmetaal. De bankjes passe by de gemeente, it past by mienskip, by elkoar tsjinkomme, sitten gean, der wêze foar elkoar en op elkoar passe.’
In ûnderwerp dat ús allegear rekket
Jannewietske de Vries is tige grutsk op de gearwurking, mei de GGZ as inisjatyfnimmer en alle partners dy’t oan it projekt meiwurke hawwe. It earste bankje is makke troch minsken fan MindUp, mei hout fan de mûne yn Drylts, en mei mooglik makke troch de ûndernimmers dêr. Jannewietske de Vries: ‘In prachtich foarbyld fan hoe’t je mei-inoar omtinken jaan kinne oan in ûnderwerp dat ús allegear rekket. Wat is it dan moai dat wy der foar elkoar wêze kinne. Dêr binne de bankjes foar.’
Ek in twatalige plakette bestelle? Dat kin fia www.113.nl.
Troch: Wynanda Brander
Klik hier voor de Nederlandse vertaling van dit artikel (PDF).