Bookzine 28 ‘Alden skieden? Minen ek!’
Binne dyn âlden skieden of sille dyn âlden skiede? Hoe giest dêrmei om? Miskien fielst dy dan wol fertrietlik, of allinne, of lilk… En it kin ek wêze datst in protte fragen hast. Wolst dêr graach (anonym) mei ien oer prate? Dan helpe meiwurkers fan Villa Pinedo dy. Alle jongeren dy’t dêr wurkje, hawwe sels ek skieden âlden. Kinst mei harren dyn soargen diele en/of fragen stelle. En dat kin drekt, hoechst net te wachtsjen.

Bookzine 25 ‘Kleur jaan oan de soarch’
Stiet dyn aginda ek fol mei grappige sketsen, rappe krabbels en lytse doodles? Dan bisto krekt sa’n kleurryk portret as Lïam Zwaagman (20) út Ysbrechtum. Jou him in pinne en papier en hy tekenet alles watsto mar wolst. Dat talint brûkt er ek yn syn wurk as wenûndersteuner by âldere minsken. Troch mei harren te tekenjen, ûntsteane de moaiste ferhalen. Hy docht alles op syn eigen wize. ‘Binnen de lijntjes kleuren past niet bij mij.’

De bookzines van Yung Frysk zijn persoonlijke verhalen van jongeren in Fryslân. Alle moannen ferskynt der by Afûk in nij ferhaal yn it Frysk, Nederlânsk of Ingelsk. De ferhalen meitsje maatskiplike tema’s besprekber.