Watfoar taal praat en/of begrypt de kliïnt?
Anja de Vries wurket by Alliade foar de “centrale behandeldienst” en sjocht har kliïnten op ferskate lokaasjes sa as yn it Poortgebouw yn Drachten. Se wurket al 24 jier by Alliade en 5 jier as ferpleechkundich spesjalist.
Anja fertelt: ‘Ik wurkje ien dei yn ’e wike foar Alliade. Dêrby sit ik ek op de poly foar minsken mei it syndroom fan Down. Dêrnjonken bin ik trije dagen yn ’e wike dosint oan de Hanze yn Grins. Doe’t ik jonger wie woe ik altyd al graach juf én suster wêze. Nei MBO-V ha ik HBO-V studearre en in skoft lyn de master foar Ferpleechkundich Spesjalist dien.’
Memmetaal
‘De minsken dy’t ik op de poly sjoch binne 35 jier of âlder’, fertelt Anja. ‘Alle kliïnten komme by ús foar in screening. Dêr is altyd de kliïnt mei begelieder en in neiste by (faak is dat in famyljelid). Taal is dêrby hiel wichtich. Ek al kin de kliïnt sels net of dreech prate, dan noch is it wichtich om te sjen watfoar taal de begelieder of it famyljelid praat mei de kliïnt. It Frysk is yn dizze omkriten faak de memmetaal.’
‘Alliade stjoert net aktyf op taal, mar om’t memmetaal sa goed wurket freegje ik altyd oan it begjin fan it anamnesepetear oft se Frysk of Nederlânsk prate wolle. Kliïnten dy’t al jonger út hús wiene, prate oer it algemien faker Nederlânsk om’t sy faak te krijen hawwe mei Nederlânske helpferlieners. Heit en mem prate dan as iennichste noch Frysk mei de kliïnt.’
0-mjitting
‘By elke screening nimme wy in anamnesepetear ôf. Dêrby wolle wy witte hoe’t it giet, bygelyks mei iten, sliepen, wurk, fysike en de medyske situaasje. Mar ek: hoe goed rêdt de kliïnt him- of harsels? Trochdat wy de screenings elke kear dogge, kinst sjen oft der ek saken oars binne. Sa’n anamnesepetear is der foar alle minsken mei it syndroom fan Down binnen Alliade en dêrbûten.’
‘De útslaggen fan de poly, besteande út de anamnese, bloed-, lichamelik- en in sliepûndersyk, ferstjoere wy nei de haadbehanneler, dy’t frege wurde om it advys te folgjen. Ofhinklik fan de útkomsten, harren situaasje en it ferlet oan soarch, sjogge wy se werom. Dat kin al nei 1 jier wêze, mar allegearre sjogge wy se binnen 5 jier noch ris’, leit Anja út. By de screening wurdt de kliïnt ek sjoen troch de logopedist foar in gehoarûndersyk en in test om te sjen hokker stypjende kommunikaasje oanslút. Ek de begelieding, famylje of oare neisten geane nei de gedrachssaakkundige foar it ynfoljen fan in list mei fragen. Tink dêrby bygelyks oan in skaal foar de selsredsumens en foar demintsy.’
‘Wy dogge ek ûndersyk nei betide âlderdom (vroegtijdige ouderdom) en demintsy by minsken mei it syndroom fan Down. Dat ûndersyk dogge wy sadat wy harren better en earder helpe kinne en de behanneling dêrop oanpasse kinne.’
‘Yn it Multi-Disciplinair Overleg (MDO) beprate wy mei meardere kollega’s it ferlet oan soarch en hoe’t wy de kliïnt sa goed mooglik helpe kinne. De kontekst fan in kliïnt is dêrby belangryk. Dêr heart taal ek by. Watfoar taal praat en/of begrypt de kliïnt? Kin hy of sy lêze? Begrypt hy of sy dy goed? En hoe joust dan as helpferliener de ynformaasje op de goeie manier?’
‘Minsken mei it syndroom fan Down kinne harren faak minder goed of minder maklik uterje. Somtiden om’t se net prate kinne. De djippere emoasjes en frustraasjes uterje sy faak yn de memmetaal. Oer it algemien soe it moai wêze as soarchprofessionals dy’t yn Fryslân wurkje it Frysk ferstean kinne. Dêrtroch krije de minsken de kâns harren te uterjen yn harren memmetaal.’