Wurkje mei ‘voelsprieten’ foar taal
Elizabeth Tolsma is no sa’n fjouwer jier jeugdferpleechkundige by GGD Fryslân, by it konsultaasjeburo yn de Huizumerpoort, Ljouwert. Se is fan hûs út Frysk en hat thús sels ek in Fryske húshâlding.
“Ik fyn it Frysk belangryk, sawol thús as yn myn wurk: mei memmetaal – foar my it Frysk – kinst dy faaks better uterje. It fielt mear eigen, is fertrouder en soarget foar mear ferbining. Dat is ek wat ik op myn wurk belangryk fyn.
Hjirfoar wurke ik yn it sikehûs yn Snits en hie ik mear te krijen mei it Frysk, mar ek hjir yn Ljouwert prate mear minsken Frysk as datst miskien ferwachtest en stypje wy ek it Frysk en meartaligens. Ik ha in pear kollega’s dy’t Frysk prate en eins alle kollega’s fersteane wol Frysk. Wy biede op it konsultaasjeburo it tydskrift Heit&Mem en boekjes fan Tomke oan. Ek lizze der wat Fryske boekjes by it berneboartersguod.
Ik ha in protte te krijen mei (lytse) bern en harren âlden. Ik besykje derby safolle mooglik tûk gebrûk te meitsjen fan memmetaal. Dêr ha ik ûnderwilens ‘voelsprieten’ foar: hoe praat de âlder? En watfoar taal praat in heit of mem tsjin it berntsje? Is dat Frysk, dan skeakelje ik oer. Sa nee, dan prate wy Nederlânsk. Ek oare talen binne mooglik, sa ha ik bygelyks ek in kollega dy’t fan Aruba komt en Papiamento prate kin.”
Makliker prate mei âlden en bern
“It âlderskip kin yntinsyf wêze, dan is it prate kinnen yn dyn eigen memmetaal in foardiel foar de âlden. Sa kinne sy harren better uterje, kreëarje wy makliker in bân en kinne wy tagelyk taalûntwikkeling by bern stypje.
Yn it dossier fan elts berntsje kin in notysje makke wurde watfoar taal de mem of heit brûkt. Dat jildt foar it Frysk, mar bygelyks ek foar it Ingelsk, Dútsk of Tigrinya (Eritrea). Sa ha ik ek in âlder dy’t Biltsk praat. Ik kin in bytsje Biltsk en praat dan fierder Frysk mei harren. Dat makket dat sy ek tsjin my gewoan Biltsk prate, dat fyn ik moai en fijn.”
Wy checke spraak- en taalûntwikkeling
“Wy checke ûnder oare de motoaryske ûntwikkeling by bern en ek de spraak-/taalûntwikkeling. Dêrby jouwe wy by meartaligens de tip: wês konsekwint yn taal. Praat de taal dy’tsto sels, as âlder, goed behearskest, dan krije dyn bern in sa grut mooglike wurdskat en goeie taalopbou mei.
Sa hawwe wy ek wol bûtenlânske âlden dy’t it Nederlânsk sels noch net sa machtich binne, dy advisearje wy dan ek om harren eigen memmetaal te brûken as sy mei harren bern prate. Dochs is it ek wichtich dat âlden derom tinke dat harren bern it Nederlânsk meikrije. It Nederlânsk krije bern ek mei fia de opfang en der is ek stipe foar fan út de gemeente (Voorschoolse en vroegschoolse educatie; VVE beleid).”
Tips foar (takomstige) âlden:
- Praat dyn eigen memmetaal om’tst dêr de grutste wurdskat fan hast en goed dyn gefoel oerbringe kinst;
- Sjong ferskes en brûk der gebearten by. Sa stipest de spraak-/taalûntwikkeling én tagelyk de motoaryske ûntwikkeling;
- Lês boekjes foar. Is dyn berntsje noch wat te jong of is it boekje der net yn dyn taal? Fertel dan sels in moai ferhaal yn dyn eigen taal by de plaatsjes;
- Meld dyn bern oan by dbieb, dat is fergees foar bern o/m 17 jier. En se hawwe in protte ferskillende talen dy’t se oanbiede. Ek Fryske (foar)lêsboekjes.
“Taal libbet, wat betsjut dat as wy as Friezen de taal net mear brûke, de taal útstjerre sil. Dat soe ik tige spitich fine. Foaral ek om’t memmetaal sa moai is om dysels yn te uterjen.”