Brand

Sykje

Soarch Oan it wurd

Herbergier Bartlehiem yn Wyns

Wy prate gjin 'hooghaarlemmerdijks'

Geplaatst op 21 maart `26
3 minuten leestijd
Tineke Witteveen

Wy prate gjin ‘hooghaarlemmerdijks’

Fan Frysk yn ’e soarch út strike wy del yn Wyns, by Herbergier Bartlehiem. Dêr treffe wy Annemieke de Haan en Erik Boellen.

Annemieke wurket as Fersoargjende IG no 2,5 jier by Herbergier Bartlehiem. Erik Boellen is sûnt in pear jier – 2021 – grutske eigener fan Herbergier Bartlehiem. In lytsskalige wenfoarm foar minsken mei in yndikaasje foar in foarm fan demintsy. It is in prachtich plakje oan de Dokkumer Ie.

Geen dag hetzelfde

Erik: ‘We hebben hier een aantal appartementen die mensen particulier huren. Momenteel bieden we 17 bewoners een liefdevol en warm thuis. Ze krijgen hier 24 uur per dag zorg in een huiselijke omgeving. Ook kunnen ze buiten genieten in de mooie tuin. Ik zeg altijd zo: “Je komt hier bij een beetje een bijzondere familie terecht”. Door het verloop van de aandoening is geen dag hetzelfde.’

Mei taal kreëarrest in bân

Annemieke: ‘Om’t it lytsskaliger is hast mear kontakt mei de bewenners. Krigest in bân mei harren, stiest faak tichterby as de eigen bern.’

Ik kin hjir soarch op maat leverje, om’t wy lytsskaliger binne en sa mear tiid hawwe foar de bewenners.

‘Earder wurke ik ek yn ’e soarch by in oare organisaasje, dat moast sa rap en dêrtroch hie ik (te) min tiid om de soarch te bieden dy’t ik biede woe.’

‘Ik hearde doedestiids oer Herbergier Bartlehiem en ha ris belle. In wike letter siet ik op petear en bin ik oannaam,’ fertelt Annemieke. ‘Dat kaam ek om’t der by myn sollisitaasje in bewenster om it hoekje kaam. In oprjochte Fryske frou, wat dwers en de mûle op it goeie plak. Ik koe poerbêst mei dizze frou, ûnder oare troch de goeie toan oan te slaan. Dêrby helpt it fansels datst deselde taal praatst.’

Respect voor elkaar

Erik jout ek oan dat memmetaal der ta docht: ‘Ik spreek geen Fries, maar versta het prima en wij hebben hier ook mensen uit andere hoeken van Nederland of mensen die Bildts praten. Door de juiste taal te gebruiken toon je meer respect naar elkaar. Ieders taal is welkom en we proberen zo goed mogelijk aan te sluiten bij de taal en het levensverhaal van de bewoners.’

‘Om in bewenner kenne te learen sette wy, bygelyks mei famylje, in libbensferhaal op papier,’ follet Annemieke oan. Dêrmei komme wy gelokkich in hiel ein. Sa witte je wat oer de eigen húshâlding, oft ien troud is (of west hat). Oer famylje, bruorren, suskes, mar ek hobbys en oft sy de oarloch meimakke hawwe. Hiene se it rom thús of just net?’

Gjin hooghaarlemmerdijks

Annemieke fertelt dat sy it noflik fynt om Frysk te kinnen en ek te praten: ‘Minsken begripe mear yn harren memmetaal. En troch demintsy komt de memmetaal wer boppedriuwen, somtiden kinne minsken net oars mear as harren memmetaal, mar der binne ek in pear dy’t – bygelyks by in Nederlânske meiwurker – noch omskeakelje kinne nei it Nederlânsk. En ek by swierrichheden prate wy gjin ‘hooghaarlemmerdijks’.

Foto: Kollega Gretha (links) en Annemieke (rjochts) by Herbergier Bartlehiem

‘’Wy spylje safolle as mooglik yn op memmetaal en ynteresses. As it kin dogge wy groepsaktiviteiten en ek in protte ien-op-ien. Sa is der muzyk en lêze wy bygelyks rymkes foar út it boekje “Tutte mei de linten”, dan sjochst in glimke op it gesicht fan in mefrou. Sa moai is dat! Dêr dogge wy it fansels foar’, slút Annemieke ôf.