Fertel ris, hoe wie jo skoalletiid, wat stie der by jo op tafel foar it jûnsiten en wat foar boartersguod hienen jim doe’t jim lyts wienen? De nije searje Fertel ris ropt op ta it dielen fan ferhalen, anekdoates en oantinkens oan eartiids. De earste publikaasje hat yn de maitiid fan 2021 ûnderdiel west fan it tydskrift pake & beppe. Yn de rin fan it jier folget mear. Helje mei jo bewenners, doarpsgenoaten, pake of beppe oantinkens op oan doe en ûnderfyn sels hoe moai it is om dat mei inoar út te wikseljen. Foar mear ynspiraasje en gespreksstof stean der linkjes yn nei byldmateriaal fan doe.
Download it katern Fertel ris hjir: 2021 pake&beppe fertel ris
Wolle jo it folsleine tydskrift pake & beppe lêze? Dy fine jo hjir: pake en beppe magazine /tydskrift 2021 – Afûk Websjop (afuk.frl)