Op de foto: Lenie en Stefan.
Mei humor, betrouwen en in thús gefoel komst hiel fier
Frysk yn ’e soarch hat op ’en paad west nei rekraasjebuorkerij Slachtehiem yn Lollum. In pleats dêr’t eartiids kij molken waarden en dêr’t no – nei in grutte nijbou yn 2006 – in moaie deisoarchlokaasje is. Ek is der in camping en in groepsakkomodaasje en is it in plak foar feesten en partijen. Lenie en Klaas binne yn 2007 starten mei it bedriuw. No yn 2026 hawwe se in prachtich team om harren hinne foar minsken mei ferskate problematiken.
Stefan is de rjochterhân fan Lenie oan it wurden mei alles wat hy regelet. Beide hawwe se in eftergrûn yn ’e soarch. Lenie as ziekenverzorger IG yn Parkhoven. Stefan hat ek altyd mei âlderein wurke. Hy fertelt: ‘Yn myn oplieding kaam ik staazjerinnen by Lenie. Letter bin ik hjir ek noch troud mei in prachtich feest. Sa frege Lenie my om wer ris del te kommen en sa bin ik stadichoan by Lenie oan ’e slach gien. Wy kinne goed gearwurkje, kinne lêze en skriuwe mei-inoar. No is it safier dat wy dwaande binne mei moaie takomstplannen foar de rekreaasjebuorkerij.’
Stefan: ‘Mei-inoar de âlderen in hiel moaie âlde dei jaan. Elkenien kriget hjir in kâns.
Lenie: ‘Ferspraat oer de wike komme hjir sa’n 60 minsken fan 50 jier en âlder. Per dei bestiet de groep út 18 oant 22 persoanen. De gruttere groepen soargje foar in noflike dynamyk. Minsken slute sa altyd wol by immen oan en fiele harren earder op it gemak. Tagelyk hawwe de kollega’s yn lytsere groepkes mear oandacht en tiid foar de minsken.’
Wearde (werom) jaan
‘It moat ek leuk wêze om hjir te kommen, dus wy fine it belangryk dat minsken it hjir nei harren sin hawwe. Wy biede deisoarch, elkenien is wolkom. En dat binne minsken dy’t bygelyks in sykte hawwe, of minsken dy’t krekt tusken wâl en skip falle, of minsken mei oanberne harsenletsel, út it wurk weirekke binne en/of harren depressyf fiele. Hjir wurde se ûnderdiel fan it team mei jongere en âldere minsken. Wy besykje harren sa goed as mooglik te stypjen en harren wearde (werom) te jaan. It is belangryk datst de goeie taal brûkst en datst ek de goeie útstrieling hast. Ast lakest en/of freonlikheid útstrielest krigest dat ek werom. It moat yn dyn hert sitte, dan giet it mei passy en alles mear “automatysk”,’ fertelt Lenie.
Oanslute by de winsken fan de minsken
Stefan slút dêrby oan: ‘Wy binne in soad – mei de minsken dy’t dat kinne en wolle – op paad, fine fan alles út. En troch dyn eigen entûsjasme krigest de minsken mei. Ek dogge wy hjir in soad aktiviteiten sa as (foar)lêze út de ferhaleboekjes fan “Dat wie doe sa” en dogge wy in soad yn groepkes.’ Lenie follet oan: ‘Bygelyks mei muzyk. En dy is fan alle tiden. Sa lústerje wy ek fia Youtube nûmers yn it Nederlânsk, Frysk, Ingelsk ensfh. Ek brûke wy memorykaarten en dêr kinst fan alles mei dwaan en by betinke, lykas ferhaaltsjes. By alles watsto dochst is it belangryk dat it net bernich (kinderachtig) wurdt, dus moatst goed sjen nei wat de minsken kinne en wolle om by harren oan te sluten.’
Stefan: ‘Wy kommunisearje posityf mei de minsken. Ast stjoerend wêze moast, dan kinst dyn wurden sa kieze datst net “nee” hoechst te sizzen, mar dochs itselde seist. Dat rekket it gefoel op in moaie manier. Fan hús út bin ik Boalserter. Wy praten thús Nederlânsk en Boalserters. Frysk ha ik leart fan in man dy’t allinnich mar Frysk prate woe.’
Lenie: ‘Wy prate hjir fan alles, wy kinne allegearre Nederlânsk en Frysk en ek in soad Stedfrysk sa as Harnsers, Franekers en Boalserters.
Stefan follet oan: ‘Wy fiele oan ’e groep watfoar taal oft wy brûke moatte. De start fan de dei is altyd yn it Nederlânsk. Ek brûke wy in Fryske spreukekalinder dy’t wy dan oersette yn it Nederlânsk. By gymnastyk telle wy yn it Frysk, Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. En dan sjochst in Dútsk wyfke by ús op ’e groep strieljen. Sy fynt it leuk om in bytsje Dútsk te hearren.’
Een onsje welzijn
Stefan: ‘Dat ‘welzijnszorg’ yn ús wurk hiel belangryk is, diele wy ek mei it ûnderwiis. Wy wurkje graach mei staazjerinners. Op dit stuit hawwe wy dêrneist in projekt mei De Diken yn Snits, in skoalle foar praktykûnderwiis. Dat binne jongeren fan sa’n 15 jier dy’t hjir komme om mei te wurkjen en dy hawwe yn ’e rigel neat mei de âlderein. Dêrom sizze wy ek altyd tsjin harren: “Doch mar ris mei, sjoch mar ris hoe’t it hjir echt giet en hoe bliid en tankber oft de minsken hjir binne”. Sa meitsje de jongeren de “welzijnszorg” ek mei. Us kollega Anke Miedema seit altyd: “Een onsje welzijn is een kilo zorg minder”. Mei humor komst sa fier. Betrouwen en in thúsgefoel, dêr dogge wy it foar!’