Brand

Sykje

Soarch Oan it wurd

Sieuwke Veenema

Spreekuurassistente polikliniek Longziekten van ziekenhuis Nij Smellinghe

Geplaatst op 19 december `22
4 minuten leestijd

“Dokter, ik bin sa gau achter de pûst.” Het is één van de Friese uitdrukkingen die regelmatig voorbijkomen op de polikliniek Longziekten van ziekenhuis Nij Smellinghe in Drachten. De perfecte omschrijving om als patiënt je kortademigheid bij de longarts onder woorden te brengen. En tegelijkertijd een uitdrukking die zich lastig laat vertalen in het Nederlands. “Fandêr dat it Frysk by ús alle romte krijt”, vertelt spreekuurassistente Sieuwke Veenema.

Op de polikliniek Longziekten in Nij Smellinghe klinkt volop Fries. Vrijwel alle spreekuurassistentes zijn tweetalig, beaamt Sieuwke Veenema. “Wy ha in hiel Frysktalich team. Dat is tafal, mar ik fernim alle dagen dat ús twataligens in hiel soad pasjinten de romte jout om harren ferhaal yn harren memmetaal te dwaan. Dan giet it benammen om âldere pasjinten”, benadrukt ze. “Jongeren kinne hiel maklik switche tusken it Frysk en it Nederlânsk. Foar de âlderein is dat dochs in stik dreger. Dêrom is romte foar it Frysk yn it sikehûs ek sa wichtich.”

Vallende kwartjes
Als spreekuurassistente staat Sieuwke dagelijks mensen in het Fries te woord. Na afloop van de afspraak met de longarts volgt er namelijk standaard een gesprek met Sieuwke of een van haar collega’s. “As sprekoere-assistinten planne wy mei de pasjint de ferfolchôfspraken yn”, legt ze uit. In veel gevallen betreft dat een afspraak voor een onderzoek, zoals een bronchoscopie, spirometrie-onderzoek of diffusietest. Ingewikkelde medische termen die om heldere uitleg vragen, weet ook Sieuwke. “It leafste yn jins eigen taal.”

“It Frysk is de taal fan thús, fan ús emoasje en ús tinken”

Sieuwke legt stapje voor stapje uit hoe een onderzoek er in de praktijk uitziet. Juist in dit soort gesprekken komt haar tweetaligheid goed van pas. “Ik sjoch geregeld it kwartsje fallen by minsken as ik yn it Frysk útlis wat de dokter harren krekt yn it Nederlânsk ferteld hat. Dat bliuwt in bysûnder momint. Dat minsken ûntspanne as se harren eigen taal hearre. Krekt as falle de wurden dan pas goed teplak. It Frysk is de taal fan thús, fan de emoasje en ús tinken. En dêrom ûnmisber yn it sikehûs, ast it my fregest.”

De tolkentelefoon
Naast Nederlands en Fries komen er ook geregeld andere talen in de polikliniek voorbij. Van Spaans en Farsi tot Oekraïens en Chinees. Talen die ook Sieuwke niet machtig is. “Sa’n grutte taleknobbel ha ik no ek wer net, hear”, lacht ze. “Meastentiids kieze wy dan foar it Ingelsk. Wannear’t in pasjint ek gjin Ingelsk praat, dan ha wy altyd noch de tolketelefoan achter de hân. Fia dy telefoan kin de tolk it ferhaal fan de dokter en de fragen fan de pasjint streekrjocht oersette, sadat sy elkoar begripe. Benammen as it om ûndersiken giet, dan hast net genôch oan in útlis mei ‘hannen en fuotten’. Dan moatst der wis fan wêze dat immen dy echt begrypt. Dat kin allinnich yn de eigen taal.”

Daarbij komen de instructiefilmpjes van Indiveo goed van pas, merkt Sieuwke. “Wy stjoere minsken fia de mail altyd de linkjes nei de fideo’s wêryn’t harren ûndersyk útlein wurdt. Dy filmkes binne yn it Nederlânsk en sûnt koart diels ek yn it Frysk te beharkjen.” De grote lijnen kan zo’n instructievideo prima schetsen, maar aandacht voor de finesses blijft een aandachtspunt voor de assistentes. “Tink oan saken lykas in nochtere mage, in allergy foar medisinen of útlis oer de narkoaze. Dêr bliuwe wy wach op by it meitsjen fan de ôfspraken.”

“Nei in ‘slechtnieuwsgesprek’ kinst immen net in ‘noflik wykein’ winskje”

Chirurgische precisie
Tot slot let Sieuwke naast de juiste betekenis van ieder woord ook heel bewust op de lading van een woord. Met zorg kiest ze haar woorden tijdens een gesprek. “Wy besykje altyd sa neutraal mooglik te bliuwen”, legt ze uit. “As in pasjint krekt in ‘slechtnieuwsgesprek’ hân hat, dan wolst foarkomme datst him of har op in freed by fersin in ‘noflik wykein’ tawinskest. De kar foar de juste wurden komt hiel krekt yn de soarch. It freget somtiden om sjirurgyske presyzje!”

Door: Nynke van der Zee