Brand

Sykje

Soarch Oan it wurd

Sikehûs Frisius MC yn Ljouwert

Taal mei in dûbele betsjutting

Geplaatst op 24 februari `26
4 minuten leestijd
Tineke Witteveen

Taal mei in dûbele betsjutting

De rol fan (memme)taal yn ’e soarch? Mark Hermens, dy’t as Limboarchske Fries yn it Frisius MC wurket as Klinysk Psycholooch, fertelt dêroer.

Fan Limboarch nei Fryslân ferhúzje en trije taalkursussen folgje om him de Fryske taal eigen te meitsjen. Dat hat Mark Hermens dien. Mark is Klinysk Psycholooch yn it Frisius MC, Ljouwert:

‘Myn berop hâldt him by útstek dwaande mei taal. Ik kom út Sittard en bin, nei myn stúdzje, yn ’93 oan it wurk gien by Bloemkamp yn Boalsert.’

‘Dat wie yn ’e âldereinsoarch en hat te krijen mei somatyk en psychogeriatry. Soarch foar pasjinten mei lichaamlike oandwaningen en minsken mei bygelyks demintsy.En sa hie ik direkt mei it Frysk te krijen. Ik siet dêr ris oan tafel mei in âldere frou dy’t my hiel ynkringend oanseach: “Mei ik jo wat freegje? Binne dat jo eigen tosken?” en ik tocht “tosken”, wat binne dat? Dat wist ik doedestiids noch net. Lykas dat minsken it oer “knibbels” hiene. Of “pine yn it krús”.’

Dokter, jo binne gjin Fries

Dat sette Mark oan it tinken: ‘At ik echt mei de minsken prate wol en harren begripe wol, dan is it handich om wat mei de taal te dwaan. En sa ha ik kursussen by de Afûk folge, Fries Verstaan, Fries Spreken en Frysk Skriuwe. Troch sa’n protte kursussen te dwaan, bist hiel yntinsyf mei de taal dwaande en sjochst it ek foar dy. Ek bin ik bliid dat ik yn ’e âldereinsoarch begûn bin. Sy prate geef Frysk, dêr learst rap fan.’ “Dokter, jo binne gjin Fries, mei ik wol Frysk prate?” “Jawis wol, mar ik praat it (noch) net werom.” In bakje kofje derby en it wie klear.’

In pear jier letter, yn ’96, is Mark oan ’e slach gien by ferpleechtehûs Dukdalf yn Harns en yn ’98 makke er de oerstap nei it MCL, no Frisius MC. Mark fertelt: ‘Ik behannelje foar it grutste part pasjinten út it sikehûs. Sy komme by my op ’e poly of ik gean by harren del op ’e ôfdieling. Ek komme der minsken by my dy’t in ferwizing hawwe fan in oare medysk spesjalist of fan in húsdokter. Faak giet it dan om pasjinten mei lichaamlike klachten. Hoe’t minsken mei klachten omgeane is hiel belangryk. Ast lichaamlike klachten krijst, hoe giest dêrmei om? Dat kin emoasjes lykas fertriet, rou en ek in gefoel fan ûnmacht oanreitsje. Ik wurkje in protte mei de “holle”, mar ha ek kennis fan sykten en wit hoe’t it lichem wurket. Sa kinne wy, mei meardere spesjalisten, pasjinten yntegraal sa goed mooglik helpe.’

‘Dat ik de taal sa goed behearskje, komt ek om’t ik in protte stipe hân ha fan kollega’s. At minsken dat noflik fine, praat ik Frysk mei harren. Net alles is 100% geef, mar dat makket net út. It giet as fansels en dan binne minsken op harren gemak. Sa no en dan Fryske wurdsjes brûke helpt al, dan bliuwe minsken Frysk praten en ferbrekke se harren net. Sa’t se harren uterje yn it Frysk is it meast naturel.’

Spesjale soarchtaal

Mark leit út dat sy as dokters yn it sikehûs neist de memmetaal ek wurkje mei spesjale soarchtaal. Mark: ‘Dan giet it om “Wat seist en hoe sis ik it?”. At it gefoelich is, lizze minsken net fuort alles op tafel. Moatst net ferjitte dat se – foar’t se by my komme – faak al in hiele “reis” hân ha troch bygelyks in ferline mei klachten en ûndersiken. Dêr hâld ik rekken mei. It sit him yn de nuânses fan it praten, beneamen en útlizzen. Ik jou se romte om te fertellen en probearje sa goed as mooglik by harren oan te sluten.’

‘As dokters binne wy ús eigen ynstrumint. De pasjinten moatte it mei my dwaan en dêrom is it hiel wêzentlik om in goeie bân mei har op te bouwen. Dat jout in gefoel fan feilichheid en fertrouwen. Sa beneam ik ek emoasjes. Bygelyks as der triennen komme, dan sis ik dat gûlen mei. Dat soarget ek foar fertrouwen. Gemiddeld ha ik 6 à 7 kontakten mei in pasjint. Ek wolris wat mear en ek wolris wat minder. It is belangryk dat minsken sizze: “Dokter, hjir kin ik wol fierder mei.” Dan wit ik dat wat wy dogge goed fielt foar minsken en sy stappen sette. En slagget dat (efkes) net, dan help ik se fansels ek wer graach fierder!’