Wat fine bewenners yn de âldereinsoarch fijne ferhalen?
Dat is fansels hiel ferskillend! Mar it is foar elkenien dy’t lêst of lústeret, hearlik asto dy der yn werkenne kinst. Oft sy no bern of al wat âlder binne, it wurdt leuker as sy har identifisearje kinne mei de haadpersoan. In berneboek is net in fanselssprekkende kar miskien, foar dizze doelgroep, dochs nûgje wy jo út dit ris te besykjen.
Wêrom Silke & Miss Dee foar âldere ‘famkes’ ?
Silke & Miss Dee is in boek dêr ’t de freonskip tusken Silke en in âldere dame sintraal stiet.
De âldere dame, Miss Dee, stiet wat bûten de mienskip, fielt har út en troch wat iensum, hat selskip oan har húsdieren, en wurdt mei de jierren wat knoffelich. Silke, in famke fan 10 hat har eigen problemen; op skoalle wurdt sy pleage. Silke fertelt fan no en Miss Dee ferhalet út it ferline, en dêrtroch fielt se har wer jong en fleurich. De oandacht foar elkoar makket beide sterker!
Silke & Miss Dee: in aardich boek foar ‘famkes’ fan 10+
It boek soe ek goed foarlêzen wurde kinne (troch in beppesizzer fan 10+).
De fiertaal is Frysk, mei sintsjes yn it Ingelsk/Nederlânsk
Skriuwer en yllustrator: Baukje Wytsma en Carla van der Heijde