Brand

Sykje

Soarch Oan it wurd

Maaike Grolleman

Jeugdspecialist bij MEE

Geplaatst op 23 maart `21
2 minuten leestijd

Maaike Grolleman wurket by MEE Friesland as jeugdspesjalist en is no aktyf by tsien gesinnen yn Fryslân.

  Taal, hokker dan ek, kin helpe om emoasjes in plak te jaan

‘Ik kom by in protte minsken thús en ik pas my oan by de taal dy’t praat wurdt. Soms skeakelet dat hurd hinne en wer, bygelyks as bern leaver Nederlânsk prate en harren âlders Frysk. Omdat ik de minsken sa ticht mooglik benei komme wol, folgje ik elkenien yn syn of har taal. As ik earst in praatsje mei de bern meitsje en dêrnei mei de hiele húshâlding oan tafel sit, sjoch ik faak dat der weromskeakele wurdt nei de thústaal, meast is dat it Frysk. Ik fyn it hiel weardefol om de foarkarstaal te folgjen; sa ferstiest nuânses better, mar komst ek tichter by de kearn. Taal rekket emoasjes oan. Minsken kinne frij prate, en hoege har net te bekommerjen oer in ‘frjemd’ wurd. Want wat fielt no krekt sa senang as ‘noflik’?

Njonken it Nederlânsk en it Frysk ha wy as MEE-professionals ek de mooglikheid om in ekstra taal yn te setten: Een Taal Erbij. Mei help fan Playmobil-popkes, dy’t elk in lid fan de húshâlding fertsjintwurdigje, kinne wy situaasjes útspylje, mar ek regissearje en stopsette om tiid te meitsjen foar fragen lykas: ‘wat tinkst, hoe fielt dat foar jim dochter of soan?’ of ‘wat fielsto dêrby?’ Mei in bytsje ôfstân nei dysels sjen helpt by it ferwurdzjen fan drege saken. Taal, hokker dan ek, kin helpe om emoasjes in plak te jaan.’