Fertel ris, hoe wie jo skoaltiid, wat stie der by jo op tafel foar it jûnsiten en watfoar boartersguod hienen jo doe’t jo lyts wienen? Mei de Fertel ris-praatkaarten kinst op in boartlike wize en oan de hân fan ferskillende tema’s, ûnderwerpen en fragen moaie petearen op gong bringe.
Troch it stellen fan fragen komme oantinkens wer ta libben en ferhalen nei boppen. Earder waarden mei dat doel û.o. de Belibje it wer tema-koffers ûntwikkele. No binne der de Fertel ris-praatkaarten. De fragen op de kaarten binne yn it Frysk én it Nederlânsk en te brûken troch sawol profesjonals en frijwilligers yn ‘e soarch as famyljeleden.
Produktspesifikaasjes
Doaske fan 150 mm x 80 mm x 15 mm
70 kaartsjes
Tema’s (5): sport, skoaltiid, iten & drinken, muzyk, frije tiid
Taal: Frysk en Nederlânsk
Materiaal: karton
Priis: € 9,95
Allinne te keap by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk yn Ljouwert en fia websjop.afuk.frl.