Op de foto: Tineke, Ammy, Tynke en Inez (f.l.n.r.)
Sy komme hjir graach, ek om’t wy Frysk binne
Tineke Ykema fan wurk- en deibestegingslokaasje Badoe (Alliade) yn Ljouwert hat lêsten in bestelling foar Frysktalich materiaal fia Praat mar Frysk dien:
We willen op deze locatie het Fries meer gebruiken. Voor cliënten die hiermee zijn opgegroeid, voelt communiceren in hun moedertaal het meest vertrouwd.
In moaie kâns om út Frysk yn ’e soarch wei ris by harren del te gean. Neist Tineke sit Inez. Inez: ‘Al 17 jier wurkje Tineke en ik tegearre op de groep by de deibesteging. Foar en mei minsken mei in ferstanlike beheining. In deibesteging dêr’t wy in echte wurksituaasje kreëarje.’ Letter mear dêroer.
Oan tafel sitte ek Tynke en Ammy, beide froulju hawwe in beheining en komme op de deibesteging. Sawol Tynke as Ammy binne beide tige te sprekken oer harren plak en wurkje dêr graach. By it ynterview ljochtet Tynke ta: ‘Ik ha fan ’e moarn de sneinske klean oanlutsen foar de foto’.
Memmetaal
Tineke: ‘Wy kommunisearje safolle as mooglik yn ús en harren memmetaal. In protte minsken wolle just graach nei ús lokaasje ta om’t wy Frysk binne.’
Inez: ‘It Frysk hat echt mearwearde. Sawol mei ús kliïnten, harren âlden en ek mei klanten yn ’e winkel. It leafst prate wy Frysk, jeuzelje wy de hiele dei. Wy merke dat wy op dizze lokaasje as Friezen direkt en ek wol ris wat rûch kommunisearje, mar dat past hjir hiel goed en moatte wy altyd om gnize.’
Tineke: ‘It is belangryk om foar inoar te soargjen en om inoar te tinken, dat is wat wy hjir dogge. En dat kin yn it Frysk, it Liwwadders, it Nederlânsk. Dat slút ek moai oan yn de ‘multy-kulty-wyk’ dêr’t wy sitte. It team is multy-kulty en de minsken binne dat ek, mei ûnder oare Friezen, Nederlanners, Afrikanen, Srylankanen, Marokkanen en Sinezen. Se fersteane allegearre Frysk en somtiden krije wie de fraach: “Moet ik Frysk gaan praten?” en nee, dat hoecht net om’t dyjinge it al ferstiet.’
‘En dat lit sjen hoe moai oft de ûnderlinge sfear is en ek hoe moai oft de Fryske taal is’, follet Inez oan.
Badoe – atelier en winkel
Inez: ‘Wy hawwe hjir in winkel, in grutte kreative wurkpleats en in keunstatelier en meitsje sa in hiel protte moaie kreative dingen om te ferkeapjen. Foar mear ynformaasje kinst ús fine op Instagram @badoe_alliade en ek de webside <ynfoegje: https://www.alliade.nl/locaties/835/badoe>. Wy bouwe hjir in echte wurksituaasje nei, mei wurktiden, skofttiden en de mooglikheid frije dagen oanfreegje te kinnen. Sa wurket hjir elke dei, parttime en fulltime, in fêste groep fan 20 minsken mei in ferstanlike beheining.’
Tineke: ‘Alliade set yn op ûntwikkeling en partisipaasje. En dat hawwe wy hjir in protte. Wy, Inez en ik, koördinearje, mar de kliïnten meitsje it guod. Se dogge de ferkeap yn ’e winkel en steane op merken. Se soargje der ek foar dat guod nei oare winkels brocht wurdt. Ek hawwe wy ien kear yn ’e moanne in wurkoerlis. Dan beprate wy hoe’t it giet en de opdrachten foar de kommende wiken.’
Inez fertelt: ‘De sfear is noflik en wy fersette in protte wurk. Wy stjoere dêrby net aktyf op (memme)taal, mar lústerje wol hiel goed nei de kliïnt en harren winsk. Sa is non-ferbale kommunikaasje hjir ek tige belangryk. Mei in freonlike, iepen hâlding stelst minsken op harren gemak.’