In noodsituaties is taal van groot belang. “Inoar goed ferstean kinne, kin letterlik fan libbensbelang wêze”, weet Janneke Mollema, verpleegkundige op de traumahelikopter van het UMCG in Groningen. “Yn stressfolle situaasjes falst automatysk werom op dyn memmetaal. Dat jildt foar pasjinten, mar ek foar helpferlieners.”
Ze heeft al 15 jaar het mooiste beroep van de wereld. Janneke Mollema vliegt als verpleegkundige op de traumahelikopter van ziekenhuis UMCG in Groningen. “Ik ha twa taken”, vertelt ze. “As we fleane, help ik de piloat ûnder oaren mei de navigaasje. En as de rotorblêden stilsteane, help ik de dokter by syn of har wurksumheden. Moaier wurk as dit is der net.”
Een goede talenknobbel
Met Friesland, Groningen, Drenthe, de kop van Overijssel, de Waddeneilanden en een deel van Noord-Duitsland als werkgebied komt Janneke iedere dag heel wat talen tegen. Het was bij de selectie voor deze baan dan ook een eis dat ze het Nederlands, Engels en Duits kon verstaan en spreken. “Dêr komt by dat ik ek it Frysk en Grinzersk ferstean en prate kin. Krekt oer de grins yn Dútslân kinst dy mei plat Grinzersk bygelyks hiel knap rêde.”
Taal heeft altijd al een rol gespeeld in haar leven. Geboren in een tweetalig gezin met een Groningse vader en een Friese moeder groeit Janneke op met drie talen. “Wy praten thús Nederlânsk mei elkoar, Grinzersk mei ús heit syn famylje en Frysk mei ús mem har famylje. En op skoalle keas ik it talepakket mei Dútsk, Frânsk en Ingelsk. Ik ha gelokkich in aardige taleknobbel. Dêr doch ik oant de dei fan hjoed myn foardiel mei.”
“Yn in stressfolle situaasje falle minsken hast altyd werom op harren memmetaal”
Ogen en oren van de dokter
Als verpleegkundige is Janneke niet alleen de rechterhand van de dokter, maar ook zijn of haar ogen en oren. “Wy komme ergens dêr’t ellinde is. Meastentiids is it ambulânseteam al teplak, dat de earste kontakten mei de pasjint en de omstanners makke hat. Oan my de taak om de dokter te helpen wêr’t dat nedich is. Soms kin dat bygelyks wêze troch as tolk te fungearjen tusken de dokter en de pasjint of syn famylje. Guon fan ús dokters binne minder goed yn streektalen, wêrtroch’t wy as ferpleechkundigen ûnmisber binne yn de kommunikaasje. “
In een stressvolle situatie vallen mensen bijna altijd terug op hun moedertaal, weet Janneke. “Dat jildt net allinnich foar pasjinten, mar ek foar helpferlieners. Dat komt troch de spanning, dan tinkst der net mear by nei en giest automatysk werom nei dyn earste taal.” Het spreken en verstaan van die taal kan daarom een geruststellende werking hebben, merkt ze in de praktijk. “Ik praat soms mei opsetsin werom yn it Frysk of Grinzersk, om de panyk of stress fuort te nimmen. Dêr brûk ik taal hiel bewust foar.”
“Ik praat soms mei opsetsin werom yn it Frysk of Grinzersk om de panyk of stress fuort te nimmen”
Tweetalige plaatsnamen
Geen baan die zo meertalig is als die van Janneke. Toch heeft meertaligheid ook zijn nadelen in het werk, merkt ze. “Wêr’t wy wolris tsjinoan rinne, is de twataligens fan plaknammen yn it Frysk. Bygelyks: fan de meldkeamer krije wy de opdracht om nei Húns te fleanen. Mar ús navigaasjesysteem ken dy plaknamme net. Wa betinkt dat it yn it Nederlânsk Huins wêze moat? Dat is wolris lestich. Mar gelokkich kinne wy ek navigearje op basis fan in postkoade. Dus it komt altyd goed.”
Ook het contact met andere hulpverleners gaat veelal in de eigen moedertaal, vertelt Janneke. “Helpferlieners lykas minsken fan de ambulânse, brânwacht en plysje kenne inoar meastentiids sa goed dat se automatysk Frysk, Grinzersk of Drintsk mei inoar prate. Dat kin foar ús team somtiden noch in hiele puzzel wêze. Dêrom is Hollânsk de fiertaal by de algemiene kommunikaasje tusken helpferlieners. En ek yn de helikopter prate wy Hollânsk, om misferstannen foar te kommen.” Eenmaal in de lucht is het contact dat de piloot heeft met de verkeerstoren in het Engels. “By it fleanen heart fakjargon yn it Ingelsk. Noch in ‘taal’ dy’t ik leare moast”, glimlacht ze.