Brand

Sykje

No’t de âlderein yn de fersoargingshûzen gjin besite mear krije meie en it ûnderling kontakt sa folle mooglik beheind wurdt is der grut ferlet fan omtinken foar inoar op in oare manier. Fansels kin neat it persoanlik kontakt ferfange, mar binnen de maatregels dy’t naam binne is der noch wol kontakt en aktiviteiten mooglik. Op de pagina Zo kunt u meteen aan de slag fine jo in oantal aktiviteiten dy’t yn de provinsje organisearre wurde spesjaal foar de âlderein en folslein koroana-proof. Ek steane der in oantal aktiviteiten op dy’t jo sels organisearje kinne mei materiaal fan Dat wie doe sa.

Misse jo hjir in aktiviteit of wolle jo wat diele? Lit it ús witte.