Fertel ris, de ferhalen oer doe, oantinkens oan moaie tiden, it docht goed om oantinkens op te heljen en te dielen. Weardefol foar sawol de ferteller as de harker. Mei it projekt Fertel ris biedt de Afûk materiaal om ferhalen op te heljen en te dielen yn de eigen taal. It brûken fan de eigen taal is bepalend foar it wolwêzen fan soarchfregers. Fiel ik my thús, fielt it fertroud, bin ik op myn gemak? Dat is belangryk foar minsken. En dat gefoel, sa docht út ûndersyk bliken, hinget gear mei de taal dy’t sprutsen wurdt troch fersoargenden. It projekt Fertel ris jout wolwêzensmeiwurkers, frijwilligers en famyljeleden yn de soarch hânfetten foar Frysktalige aktiviteiten mei âlderein. Mei de Fertel Ris materialen yn de eigen taal en út de eigen regio wurde oantinkens wer libben en komme de ferhalen nei boppe.