De Afûk biedt mei it projekt Frysk yn ‘e soarch ynformaasje, foarljochting en advys oan soarch- en wolwêzensprofesjonals (yn oplieding) dy’t wurkje yn in meartalige regio. Yn gearwurking mei soarchorganisaasjes wurdt wurke oan ynformaasjemateriaal yn de eigen taal en meartalige helpmiddels foar de soarch.