Jolien Corporaal en Aukjen Thea Folkerts

Niet iedereen kan praten, we communiceren veel met gebaren en hulpmiddelen.

Jolien Corporaal wie direkt entûsjast om tegearre mei Aukjen Thea Folkerts te fertellen oer harren wurk en watfoar rol taal dêrby spilet. Beiden wurkje by Maeykehiem as begelieder op in pleats yn Langwar. De groep dêr’t sy mei wurkje is in jonge aktive groep en hat in protte beweging nedich. De groep bestiet út bewenners tusken de 21 en 60 jier. It sosjaal-emosjoneel nivo leit tusken de 6 en 18 moannen.

Trije persoanen binne troch en troch Frysk. En allegearre begripe se it Frysk tige goed. Jolien praat Nederlânsk en ferstiet it Frysk prima: “Het is zo belangrijk voor hun dat ze zich kunnen uiten in hun moedertaal. Niet iedereen kan praten, we communiceren veel met gebaren en hulpmiddelen.”

Jolien wurket sûnt 2022 by Maeykehiem. Earst wurke sy op in wengroep by Alliade mei minsken mei in psychiatryske beheining: “Ik wilde graag wat meer met jongeren werken en ben daarmee goed op mijn plek bij Maeykehiem en de groep waar ik nu mee werk.”

Sûnt 2018 wurket Aukjen Thea by Maeykehiem. Dêrnjonken is se ek OR-lid en trainer foar it rapportaazjesysteem. Beiden wurkje se 20 oeren yn ’e wike op de groep en sitte tegearre yn wurkgroep ‘Triple C’. Dat is in behannelmodel foar minsken mei in beheining en gedrachsproblemen en giet út fan it minsklik ferlet. De meiwurker en/of bewenner stiet sintraal. Aukjen Thea fertelt: “Hoe stiest/sitst yn dyn wurk? Mei-inoar betinke wy nije ideeën. Sa hawwe wy in tiid ferline in ‘kletspot’ foar meiwurkers makke, ynspirearre op de metodyk. It soarget foar oare petearen en helpt ús by it wurk.”

Soargje foar in goeie dynamyk

“Wy hawwe in team fan 17 persoanen. Ik hiel hecht en gesellich team dat bestiet út in protte fêste krêften. Sa binne der âldere kollega’s mei in protte ûnderfining en jongere kollega’s mei in frisse blik. In moaie kombinaasje fan minsken dy’t elkoar goed oanfolje en foar in goeie dynamyk soargje. En troch dy ûnderfining learst de bewenners ek goed kenne, wy sjogge altyd nei wat sy nedich hawwe. Sa kieze wy ek bewust foar relaasjeopbou mei-inoar. Sa hawwe wy in ‘dagbestedingsplan’ mei leuke aktiviteiten, binnen en bûten de doar, foar de bewenners en ússels. Belangryk is datst dysels sjen litst en sy sjogge dy sa ast bist.”

“De kollega’s fiele as freonen. Wy hawwe in Frysk – Nederlânsk team en alles giet prima mei elkoar. Dat se Fries fersteane is wol hiel noflik, ek foar de bewenners. En snapt in kollega it net, dan freegje se wol.”

Jolien fertelt datst, as bewenners minder goed yn harren fel sitte, se earder rekkest mei harren memmetaal, it Frysk. “Moedertaal voelt veiliger voor ze, daardoor ontspannen ze sneller en kun je ze ook makkelijker troosten.”

Ek ferskes reitsje, ljochtet Jolien ta. Mei ferskes krigest noch makliker kontakt. Sa dogge se foar it koesen ek altyd in Frysk of Nederlânsk ferske, dat is werkenber foar de bewenners. Sa is der ek ien dy’t eltse jûn itselde Fryske boekje foarlêzen kriget. As in Nederlânsktalige kollega dat boekje dan foarlêst, soarget it wolris foar grappige útspraken. Ek de bewenners moatte dêr om laitsje.
Aukjen Thea en Jolien fertelle dat se ek oare aktiviteiten oanbiede sa as in fakânsje mei de bewenners. Of se geane in dei op paad mei de auto en pakke in terraske. Dêrtroch sjogge wy ek wer nije feardichheden fan de bewenners dêr’t wy ek wer op ynspylje kinne.

Koart en dúdlik prate

“Wy ûntwikkelje in hiel protte gefoel foar taal. Moatst sa koart en dúdlik mooglik prate. Bygelyks: ‘Baukje en Aukjen Thea geane te fytsen’. Ek moast goed neitinke watfoar fraach je stelle,” seit Aukjen Thea. “In te yngewikkelde fraach komt net oan. Om it ferhaal fan in bewenner sa goed mooglik te begripen is it netwurk om de bewenner hinne ek hiel noflik. Sa as famylje. Alden kinne harren bern troch en troch. Dat helpt ús ek wer.”

“Non-ferbale kommunikaasje is ek hiel belangryk. Wat strielest út? Bist rêstich en freonlik? Sy pikke dat hiel goed op. Ek de yntonaasje docht derta. Praatst op in normale, freonlike toan as bist boas? Omdat se net of net goed prate kinne, brûke wy in protte helpmiddels om te kommunisearjen. Tink oan piktogrammen; simpele kaarten yn it swart/wyt mei in aktiviteit derop. Ek meitsje wy, oanslutend by it ferlet fan de bewenner, gebrûk fan in piktoboerd/-kaart. Dan kinne se sels sjen wat harren deiyndieling is.”

“Ook gebruiken we gebarentaal”, fertelt Jolien. “Dat wil zeggen dat we speciale gebaren hebben voor eten, drinken, om haar het toilet te gaan, om te verven, maar bijvoorbeeld ook voor een frikandel of een kroket. Zo geef je mensen een keuze en dat is ook belangrijk voor ze. De logopediste zorgt voor de gebarentaal-oefeningen. Zij leert ons ook nieuwe gebaren, want er zijn soms bewoners die meer gebaren kennen dan wij.”

Sa fertelle de froulju ek oer bewenners dy’t harren eigen taal ûntwikkele hawwe. Tink mar ris oan ‘it Boechedoekje’, dêr bedoelt in bewenner wc-papier mei. Of ‘kaas in de kies’ of ‘kaas in de oren’, dan hat de bewenner lêst fan in tosk of fan de earen. En de ‘reade fyts’ is de duo-fyts.

Troch: Tineke Witteveen