Professionals bepale faak de taal dy’t sprutsen wurdt yn it ûnderlinge kontakt mei soarchfregers.
Troch omtinken te jaan oan de memmetaal fan de soarchfreger kinst de tsjinstferliening ferbetterje.
Minsken fiele harren nammentlik better op har gemak en jouwe mear en bettere ynformaasje
wannear’t se dat yn har eigen taal dwaan kinne. Yn ’e mande mei de Fryske gemeenten set de Afûk
mei it projekt ‘Frysk yn ’e soarch’ yn op it fergrutsjen fan it taalbewustwêzen fan de
soarchprofessionals yn it sosjaal domein. Hjoed waard it startsein jûn foar de kampanje troch it
oanbieden fan it magazine ‘Taal yn ‘e soarch’ oan de teamleden fan it gebietsteam Snits Noard.
It oanbieden fan it magazine oan de teamleden fan it gebietsteam Snits Noard is gjin tafal. ‘Frysk yn
’e soarch’ sil in jier lang meirinne mei dat gebietsteam fan de gemeente Súdwest-Fryslân. “Wy wurkje
graach oan dit projekt mei. Soarch en stipe wurkje pas goed as je inoars taal prate; de memmetaal is
dan hiel belangryk”, fynt wethâlder Mirjam Bakker fan ’e gemeente Súdwest-Fryslân. “Wy hawwe yn
al ús gebietsteams omtinken foar it Frysk. Yn gebietsteam Snits Noard praat likernôch de helte Frysk;
dat makket it in nijsgjirrige groep om te folgjen.”
Mei dat team lit de Afûk sjen hoe’t de memmetaal fan soarchfregers brûkt wurde kin om de
tsjinstferliening te ferbetterjen. De professionals fan it team Snits Noard sille har ûnderfiningen diele
mei oare professionals yn de provinsje.
Troch ûnderfiningen en ferhalen fan professionals te dielen en troch praktyske tips en workshops op
maat oan te bieden, wurdt ynset op it stimulearjen fan it brûken fan de eigen taal troch
soarchfregers. It Frysk stiet dêrby foarop, mar der is ek omtinken foar bygelyks streektalen en
migrantetalen. “Dat lêste is hiel belangryk, want Frysk is hjir net de iennichste minderheidstaal: wy
hawwe it Stedsk en it Hylpersk, en wy hawwe in soad migrantetalen”, fertelt wethâlder Bakker. “Yn
gebietsteam Snits Noard sit in meiwurker dy’t Arabysk praat. Fansels kinne je net elkenien yn syn
memmetaal betsjinje, mar it giet ek om in stikje bewustwurding.”
foto: Fotobureau Hoge Noorden / Jacob van Essen