Dokter, kin it ek yn it Frysk?

Bisto pasjint yn it sikehûs? Dan krigest in protte ynformaasje oer dyn behanneling of ûndersyk. Om dy ynformaasje goed te begripen kin it noflik wêze om dy ynformaasje yn dyn eigen taal te krijen. De animaasjefideo’s fan Indiveo helpe dy dêrby! Indiveo hatanimaasjefideo’s makke foar sikehuzen, dy’t yn gearwurking mei de Afûk oersetten binne yn it Frysk. Der binne al mear as 100 fan sokke fideo’s yn it Frysk beskikber!

Hoe wurket it?
Do krigest automatysk in mail fan it sikehûs mei in fideo wêryn’t útlein wurdt hoe’t dyn behanneling of ûndersyk ferrint. Sa kinsto dy rêstich tariede op watst ferwachtsje kinst.
Thús, yn dyn fertroude omjouwing, kinst de ynformaasje op dyn eigen tempo yn it Frysk (of in oare taal) besjen en belústerje. En sa witst presys wêr’tst oan ta bist!

Want: “In emotionele situaties valt men graag terug op de moedertaal,” licht Ralph Koppers, een van de initiatiefnemers van Indiveo en longarts in het MCL toe. “Het was dus een logische stap om een Friese versie te ontwikkelen. Mensen begrijpen de informatie in hun eigen taal beter, en het is op de een of andere manier minder bedreigend.”