Jetske de Hoop en Simone de Vries

Taal soarget foar ferbining fan minske ta minske

Met aandacht, dat voelt beter. Het is de slogan van ziekenhuis Nij Smellinghe in Drachten. Aandacht voor goede zorg uiteraard. Maar ook aandacht voor taal speelt een belangrijke rol in het ziekenhuis, merken verpleegkundigen Jetske de Hoop en Simone de Vries. “Taal foarmet it fûnemint foar goeie soarch.”

Zonder er bij na te denken switchen verpleegkundigen Jetske de Hoop en Simone de Vries de hele dag tussen het Fries en het Nederlands. Beleid binnen het ziekenhuis is om een patiënt allereerst in het Nederlands aan te spreken. Wanneer blijkt dat hij of zij Fries is, schakelen Jetske en Simone moeiteloos over in de taal naar wens. “Ik fernim dat Fryske pasjinten it in stik nofliker fine om yn harren memmetaal út te lizzen hoe’t se har fiele”, vertelt Simone. “It Frysk is de taal fan it gefoel, fan de emoasje. Fandêr dat wy der wach op binne om eltse pasjint yn syn of har eigen taal oan te sprekken.”

Hooghaarlemmerdijks

Dat klinkt eenvoudiger dan het is: de juiste taal afstemmen op de patiënt. Veel Friestalige patiënten schakelen namelijk zelf over naar het Nederlands zodra ze het ziekenhuis binnenwandelen, merkt Jetske. “Lêstendeis hie ik noch in man dy’t de hiele tiid Hollânsk tsjin my prate. Pas yn de gong nei de operaasjekeamer kaam ik der efter dat er Frysk prate doe’t er syn frou in tút joech. Op de iene of oare wize tinke minsken noch altyd dat it Frysk net heart yn in sikehûs. Wylst wy in hiel soad soarchprofessionals yn hûs ha dy’t beide talen brûke.”

“Mei de dokter prate jo Nederlânsk, sa wie dat eartiids”

“It komt noch altyd foar dat minsken ‘Hooghaarlemmerdijks’ prate as se by ús binne”, merkt ook Simone. “Yn de auto op wei nei it sikehûs prate se noch gewoan Frysk mei elkoar mar sadree’t se oer de drompel fan it sikehûs stappe, skeakelje se oer op it Hollânsk. Dat sjogge wy benammen by âldere pasjinten. Fan âldsher is it Hollânsk de taal fan de dokter”, vermoedt ze. “Mei de dokter prate jo Nederlânsk, sa wie dat eartiids. It Frysk is noch altyd in bytsje in ‘achterstelde’ taal, yn myn optyk. Wy meie bêst wol wat grutsker op ús taal wêze.”

Met handen en voeten

Een mening die Jetske van harte deelt. Vandaar dat ze haar eigen memmetaal zo veel mogelijk gebruikt op de werkvloer. Ook veel Nederlandstalige patiënten vinden het geen probleem wanneer ze in het Fries worden aangesproken, merkt ze. “Der binne fansels altyd minsken dy’t fuortendaliks roppe dat se der neat fan ferstean. Mar ik krij ek positive reaksjes fan pasjinten dy’t genietsje fan ús Fryske taal. Dy’t iepenstean foar oare talen. Sa stean ik sels ek yn it libben. Ik fyn it prachtich as wy minsken út Grinslân ha, dy’t mei famylje harren eigen streektaal prate. Moai toch?”

“As pasjinten gjin wurd Ingelsk kenne, dan prate wy somtiden mei hannen en fuotten”

Naast het Gronings klinken er regelmatig andere talen op de afdelingen waar Jetske en Simone werken. Russisch, Oekraïns of Arabisch, om maar een aantal te noemen. Af en toe is goede communicatie daardoor een behoorlijke uitdaging. “As pasjinten gjin wurd Ingelsk kenne, dan prate wy somtiden mei hannen en fuotten”, grijnst Simone. “Dan falst werom op de universele gebaren foar iten en drinken, waskjen en oanklaaien. Uteinlik komme wy der altyd wol wer út.”

Tot de kern komen

Toch ligt de kern van goede zorg juist in het verstaan van bepaalde uitdrukkingen en woorden die iedere taal zo uniek maken, vinden Jetske en Simone. Friese uitspraken als ‘De grize giet my oer de grouwe’ of ‘Ik bin wat roppich yn ‘e lea’ laten zich lastig vertalen in het Nederlands. Terwijl ze precies vertellen hoe de patiënt zich voelt. “De measte fan dit soart Fryske siswizen ha ik yntusken wolris foarby kommen heard”, lacht Jetske. “Mar sa no en dan sit der in útspraak tusken dy’t foar my ek nij is. Soks fyn ik prachtich. Sa lear ik sels geregeld nije Fryske wurden en siswizen.”

Zeker bij slecht nieuws gesprekken is het spreken van je eigen taal essentieel, merkt Simone. “Dat binne de meast yntime petearen dy’t der binne. Dan komme der safolle emoasjes los. Dan komst allinnich yn dyn eigen taal ta de kearn. Ik fernim alle kearen wer dat taal ús as minsken op sa’n momint bynt. It is de ferbining fan minske ta minske. Taal is sa folle mear as inoar ferstean. It is essinsjeel om inoar te begripen. Inoar te hearen. En it gefoal te hawwen heard te wurden. Taal is it fûnemint foar goede soarch.”