Workshop Psychology fan taal

De wurksjop Taal yn it wurk is in dynamysk en luchtich petear oer taal en yn it bysûnder oer taal op it wurk. It moaie is: alles kin sein wurde en mei der wêze! Wat betsjut taal foar dy? Hoe belangryk is it? En taal op it wurk: hoe fielt dat eins foar dy? Brûksto taal as middel yn dyn wurk en hoe dochst dat? Of soest it graach brûke wolle? Wêr rinst tsjinoan en wat bist nedich?

Hoe giet dat mei taal tusken kollega’s en mei it management, de direksje, de bestjoerders?
En hoe wurket it mei taal yn it kontakt mei klanten of ynwenners?

De wurksjop is bedoeld om ús bewust te meitsjen fan ús taal en de rol dy’t taal spylje kin yn it deistich wurk. De dialooch set oan ta tinken én daget út ta ekspearimint en aksje.

Mear witte?