(FY) Jantina en Jos

Mei goeie taal soargest foar de minske

Lees dit artikel in het Nederlands

Jantina is eigneres fan It Klokhús, in ‘Beleef- en soarchbuorkerij’ yn Oasingahuzen by Heech. Jos is eigner fan Jeltehof, in ‘Dei- en soarchbuorkerij’ yn Hommerts. Jantina en Jos binne ûnderdiel fan de ‘Coöperatie Zorgboeren Zuidwest Friesland’; in gearwurking fan sân entûsjaste soarchbuorkerijen. ”Us missy is om in plak te bieden dêr’t minsken harren thús fiele, nuttich meitsje kinne en nije moed en enerzjy krije.”

Dat dogge sy yn in omjouwing fan rêst en romte. Foar in groeiend tal minsken is in soarchbuorkerij in plak foar rêst en in plak om op te knappen mei oanpast wurk. Sa kinne soarchbuorkerijen oan in brede doelgroep soarch biede.

‘Goed neitinke oer wa’t je mei-inoar oan tafel sette’

Jos hie in melkfeebedriuw en syn frou Sietske wurke yn it spesjaal ûnderwiis. ”Wy hawwe altyd al dwaande west mei ‘soargjen’ en wurkje graach mei jeugd en âlderein. Uteinlik besleatten wy om ús dream nei te jeien en op ús hiem in dei- en soarchbuorkerij te starten. Wy binne fan hús út gjin Friezen, mar troch je yn it sosjale (doarps)leven te bejaan hawwe wy beide it Frysk rap oppikt. De measte dielnimmers dy’t by ús op ‘e soarchbuorkerij komme, binne Frysk. Der wurdt by ús dus sawol Frysk as Nederlânsk praat. Mei dat der hieltyd mear minsken út it Westen wei komme, dy’t it Frysk net fersteane, merke wy dat wy noch better neitinke en sjogge watfoar dielnimmers wy byinoar oan tafel sette. Wat is harren eftergrûn, soarchnivo en taal. It wichtichste is dat je derfoar soargje dat se inoar ferstean kinne. It soe spitich wêze as se gjin konneksje hawwe en ôfheakje.”

Jantina: ”Ik bin thús opgroeid mei in camping, dan hawwe je in protte minsken op en om it hiem. Ek âlderen dy’t mei pensjoen binne. As bern wie ik dêr in protte by, efkes mei harren kletse, in spultsje dwaan of in suertsje helje. Sa groeie je maklik op mei ‘soargjen’ en ‘harkjen’ nei oaren en is de útspraak ‘een luisterend oor ontzorgt’ ek sa moai tapaslik. No leverje wy op ús eigen hiem soarch en begelieding oan minsken dy’t dat nedich hawwe, mar ek oan harren thúsfront dy’t dermei efkes wat lucht en romte krije.”

‘Prate yn je memmetaal jout je in feilich gefoel’

”Wy prate in protte Frysk, sa’n 70% fan ús dielnimmers is Frysk, de oare dielnimmers prate Nederlânsk en somtiden in oare taal. Ungefear 10% ferstiet it Frysk net. Dêr hâlde wy bewust rekken mei en it is ús belied dat alle meiwurkers ûnderling Nederlânsk prate. Sa slute wy minsken net bûten en hoopje wy te soargjen foar in optimaal thúsgefoel.

Watfoar taal oftst praatst of prate kinst hinget ek bot ôf fan it syktebyld fan de dielnimmer en yn watfoar faze de dielnimmer him of har befynt. Sa kinne sommige dielnimmers net mear skeakelje en prate sy bygelyks allinnich Frysk. Dat heart by harren syktebyld en dêr hâlde wy fansels rekken mei, sawol mei it praten as yn de aktiviteiten. Wy sjogge foar eltse dei ek bewust nei de ferdieling fan dielnimmers: we hâlde der rekken mei wa’t byinoar past, kwa persoanlikheid, aktiviteiten en ek kwa (memme)taal.

As aktiviteit sjonge wy bygelyks Fryske én Nederlânske ferskes. En sjogge wy folle mear nei de tiid fan ‘no’, dat is per doelgroep en generaasje ferskillend. Sa hawwe jong-demintearjenden in oare behoefte en belibbingswrâld as âldere demintearjenden.”

‘Slút oan by dielnimmers harren belibbingswrâld mei ‘sleutelprikkels’’

”Wy wurkje neffens de ‘Böhm-metoade’. Dat betsjut koartsein datst wurkest mei dielnimmers harren nivo fan ‘empatysk fermogen’ en harren ‘belibbingswrâld’. Wat is harren persoanlike libbensstyl? Wat diene sy yn it ferline? By de intake freegje wy dêrom altyd nei dielnimmers harren eftergrûn; wêr komme se wei? Hawwe se bern en ek pake- en beppesizzers? Wat wie ‘normaal’ foar harren? Troch oan te sluten by dielnimmers harren persoanlike ‘psychobiografy’ soargje wy derfoar dat dielnimmers yn de ferskate stadia fan demintsy safolle mooglik aktivearre wurde, in goed gefoel en in noflike dei hawwe.

Jos neamt as foarbyld dat der ea ris in Ingelskman as dielnimmer hie. ”Dy man wie troud mei in Nederlânske. Troch de demintsy wie hy it Nederlânsk folslein kwyt en prate wol wer floeiend Ingelsk.” Jantina hie ris in Dútser mei afasy, dat makke dat hy him net mear uterje koe. ”Wy wiene dêrom hiel bliid mei de psychobiografy – syn persoanlike ferhaal en ynteresses – dy’t wy fan him hiene, sa koene wy mei gebearen en lichemstaal dochs noch wat mei him kommunisearje.”

”Mei ‘sleutelprikkels’ soargje wy foar aktivaasje fan dielnimmers, dêr sette wy taal ek bewust foar yn. Troch memmetaal te brûken komst folle rapper ta de kearn. Ek jouwe wy minsken, mei ‘sleutelprikkels’ folle mear fysike útdaging. Troch fysyk fitter te wêzen, soargest ek better foar it ‘mentale’.

Wy litte minsken safolle mooglik yn harren memmetaal prate. Wy sette yn op it behâld fan it Frysk en derby jildt foar it Frysk itselde as foar oare talen; it giet ek om de ynteraksje. Praatst bygelyks rap of rêstich en sjoch immen oan atst mei-inoar praatst. Gean út fan dyn gefoel, dat is tige wichtich.”

Troch: Tineke Witteveen

Mear ynformaasje oer beide soarchbuorkerijen kinst fine op harren websites en/of socials:

https://www.itklokhus.nl/

https://www.jeltehof.nl/